Boete en rydûntsizzing foar man dy't mei drank op oer de kop sloech

25 jun 2019 - 20:45

In man út Oerterp hat in boete fan 2.000 euro krigen, omdat er oant twa kear ta dronken mei syn auto oer de kop slein wie. Hy mei ek in jier net autoride. De earste kear dat it barde, wie twa jier lyn by Boarnburgum. Nei it ûngelok naaide de man út.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Begjin dit jier wie er by Olterterp oer de kop gien, ek wer ûnder ynfloed fan drank. De fertochte rint de kâns dat syn rydbewiis ûnjildich ferklearre wurdt, omdat er dêr no twa strafpunten op hat.

(advertinsje)
(advertinsje)