Stienmurdûndersikers sjogge rotten en seemokken

As jo 150 wyldkamera's ynsette om te sjen hoe grut oft de ynfloed fan stienmurden op briedende greidefûgels is, sjogge jo bytiden ek wolris bysûndere dingen foarbykommen. Ekologysk advysburo Altenburg & Wymenga hat sûnt fan 't maitiid yn opdracht fan de provinsje foar stienmurdûndersyk wyldkamera's yn stelling brocht en docht ek DNA-ûndersyk. It ûndersyk rint yn tsien gebieten.
Stienmurdûndersikers sjogge rotten en seemokken
Mei help fan in soad frijwilligers binne op dy wize seishûndert nêsten folge. It is te betiid foar resultaten en konklúzjes, mar wat opfoel wie bygelyks dat yn wiete dielen fan greiden in soad rotten en seemokken de greidefûgels yn it paad sitte. Neffens Ernst Oosterveld fan Altenburg & Wymenga hie dat sûnder kamera's net bekend west.
© -
Ien en oar makket diel út fan in breder ûndersyk dat de provinsje helpe moat om ûntheffingen mooglik te meitsjen foar it deadzjen fan stienmurden. Dy binne no noch lanlik beskerme en gewoanwei meie sy net deamakke wurde.
Neisoarger Renze de Jager fertelt wêr't sy de kamera's brûkten yn harren gebiet by Westergeast