Auto bliuwt hingjen op fangrail A7, ien persoan lichtferwûne

25 jun 2019 - 20:22

Op de A7 by Aldehaske is tiisdeitejûn ien persoan lichtferwûne rekke, doe't er mei de auto op de fangrail bedarre. Der wie noch in auto belutsen by it ûngelok. Dy hie ek skea, mar koe wol yn de berm komme.

Foto: ProNews Producties

Wat der krekt bard is, is noch net bekend. Ien baan hat tydlik ôfsluten west om de helptsjinsten de romte te jaan. De bestjoeders binne neisjoen troch ambulânsepersoniel. Ien is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok A7 fangrail Aldehaske
(advertinsje)
(advertinsje)