Omrop Fryslân lûkt in miljoen sjoggers mei Maarten syn Alvestêdetocht

25 jun 2019 - 19:12

De ôfrûne dagen hat Omrop Fryslân alle rekôrs brutsen mei de non-stop útstjoering fan de Alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden. Hast in miljoen minsken hawwe nei de Omrop sjoen en de online kanalen lutsen goed in miljoen besiten.

Maarten dy't oer de slûs tild wurdt - Foto: Omrop Fryslân

Ut de hiele wrâld wei streamden de berjochten binnen. Op it hichtepunt fan de live-útstjoering op telefyzje moandeitejûn seagen likefolle minsken nei de Omrop as nei bygelyks de NPO3.

Nina Hiddema, direkteur fan Omrop Fryslân: "Dit befêstiget noch mar ris de enoarme krêft fan de regionale omroppen."

(advertinsje)
(advertinsje)