Provinsje en gemeenten bringe gjin kosten yn rekken nei Swimalvestêdetocht

25 jun 2019 - 18:07

De Fryske oerheden bringe gjin kosten yn rekken by de organisaasje fan de Swimalvestêdetocht. Sawol de provinsje as alle belutsen gemeenten dogge sa in bydrage oan de stifting fan Maarten van der Weijden. "We hawwe mei leafde in bydrage levere", seit kommissaris fan de Kening Arno Brok.

De provinsje Fryslân, alle belutsen gemeenten, it wetterskip en de feilichheidsregio hawwe yn totaal foar in pear ton oan kosten makke, seit Brok. "Alle gemeenten dy't oan it trajekt sieten, hawwe meidien", fertelt Brok. Hy wol dêrby mei klam Dantumadiel en Tytsjerksteradiel neame. "Dy hiene gjin stêd oan de rûte, mar hawwe wol meidien."

Foto: Casper van Aggelen

Van der Weijden hat mei syn meunstertocht op syn minst 3,9 miljoen euro ophelle foar ûndersyk nei kanker. Dat bedrach is noch in tuskenstân. Der komt nei alle gedachten mear by. En Fryslân stie moai op de kaart, fûn Brok. "Dit wie Fryslân op syn bêst. Foar Fryslân hat it ien grutte promoasje west. Al dy minsken komme noch wolris del, tink ik."

(advertinsje)
(advertinsje)