IIsstadion Thialf alwer iepen, ek op de hjitste dei fan it jier

IIsstadion Thialf op It Hearrenfean hat de iisflier der alwer yn lizzen. Dat is earder as foarige jierren. Eartiids wie it stadion altyd sa'n 26 wiken yn it jier iepen, mar op dit stuit rint dat op nei 42 wiken. Ek op de hjitste dei fan it jier oant no ta.
Simmeriis op Thialf
It stadion wol topsporters oanlûke dy't harren tariede wolle foar it kommende seizoen. Dêr is bewust foar keazen, seit direkteur Mark Winters fan Thialf. "Traditioneel was Thialf een seizoensbedrijf met een half jaar ijs. Maar met de strategie die we vorig jaar hebben gekozen is om Thialf echt te exporteren als ijsstadion."
Dat hat ta gefolch dat se it seizoen langer meitsje, in unikum yn de skiednis fan Thialf.
© Omrop Fryslân
Foar reedriders as Sven Kramer hat dat ta gefolch dat se yn de simmer minder faak nei it bûtenlân hoege foar iis. Mar oer de kwaliteit fan de iisflier falt noch wol wat te sizzen. Kramer: "De kwaliteit fan it iis is net sa as wy wend binne. Dat komt benammen troch fochtichheid yn de hal. Wierskynlik wurdt de baan noch wol better, want hy leit der ek noch mar krekt yn."