Waarmterekôrs sneuvele, earst noch in plaknacht en dêrnei koeler

25 jun 2019 - 17:15

Fryslân hat der in nij waarmterekôr by. Dat seit waarman Piet Paulusma. Foar de hiele provinsje jildt tiisdei in nij hjitterekôr. Yn Fryske Peallen waard it mar leafst 34,5 graden, yn Grou en Lippenhuzen 33,4 en yn Ljouwert 32,3. De ôfrûne nachten binne de waarmterekôrs ek sneuvele. Starum en Lauwerseach, Skylge en Flylân lieten ek nije rekôrs sjen.

Foto: Omrop Fryslân

Mar der lizze buien boppe de Noardsee, seit Piet Paulusma. "It soe my neat fernuverje dat jûn of fanancht yn it Waadgebiet in bui falt." Fierders bliuwt it waarm en drûch. Om 20.00 oere hinne is it op de Waadeilannen noch altyd 24 of 25 graden, oant 27 oant 30 graden op oare plakken yn de provinsje. Mar de wyn giet om nei westnoardwest en dertoch kuollet it wat ôf.

Ferkuolling

Woansdei is it folle minder waarm. Der is sinneskyn en bewolking en it wurdt sawat 21 graden. Op guon plakken is it 14 graden kâlder as tiisdei. Op de waadeilannen wurdt it sawat 19 graden en yn it easten fan de provinsje wurdt it 24 graden. De wyn is noard-noardwest, dus hat koele seewetter ynfloed. Nachts kuollet it ôf oant 12 graden. "Kinne wy ek wer ris in kear goed sliepe", seit Piet Paulusma.

Wykein wer boppe de 25 graden

Tongersdei aardich wat sinneskyn en 20 of 21 graden. Freed itselde waar, mar dan in graadsje waarmer. It wykein komt de waarmte werom mei sneon 27 of 28 graden. Snein sawat 25 en noch altyd drûch.

Harkje nei Piet Paulusma

(advertinsje)
(advertinsje)