Drachtster (23) op 'e nij fertochte yn mishannelingsaak

25 jun 2019 - 16:54

In 23-jierrige Drachtster dy't op 7 july 2017 feroardiele is foar in rige strafbere feiten werûnder gizeling en mishanneling, is op 'e nij fertochte yn in mishannelingssaak. Der hinget him in selstraf fan 1,5 jier boppe de holle.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De man hat yn oktober 2016 tegearre mei syn twillingbroer de bewenster fan in wenning oan de Nietap yn De Pein gizele en hurdhannich oanpakt. De bruorren wiene op 'e siik nei himp. De Drachtster is yn deselde saak ek feroardiele foar mishanneling. Hy hat op de Wâldwei de bestjoerder fan in bestelbuske mishannele en hy hat de freon fan syn mem slein.

Ferwûning mei glês

Yn july 2017 waard de man feroardiele ta twa jier sel en 1,5 jier ûnder betingst. Syn twillingbroer krige ek twa jier en in jier ûnder betingst. Yn de nije saak wurdt de Drachtster derfan fertocht dat er op 17 jannewaris in persoan mei in glês yn it gesicht slein of stutsen hat. Neffens de offisier fan justysje wie de fertochte noch mar krekt op frije fuotten.

Noch net nei hûs

De Drachtster hat oant no ta ûntkend. Hy hat ferklearre dat er mooglik oansjoen is foar syn twillingbroer. De rjochtbank honorearre it fersyk fan de offisier om in tsjûge te hearren. De saak soe tiisdei ynhâldlik behannele wurde, mar dat gie net troch.

De Drachtster mei no earst noch net nei hûs. Hy moat him oan in tal strange betingsten hâlde. Sa mei hy gjin drank en drugs brûke en mei hy gjin kontakt sykje mei it slachtoffer en de tsjûge.

(advertinsje)
(advertinsje)