Grutte drokte op Prinsessedei yn keramykmuseum yn Ljouwert

25 jun 2019 - 16:32

Mei sa'n 180 bern wie de jierlikse Prinsessedei fan it keramykmuseum Princessehof snein yn Ljouwert de drokste oant no ta. De organisaasje heakke in ekstra tiidslot ta om dit kear nochris 45 bern meidwaan te litten.

Ferklaaid as prins of prinses koene sy Marijke Meu moetsje, de mem fan de steedhâlder dy't ea yn Ljouwert wenne. Der wienen prizen te winnen foar it moaiste kostúm, keninklik sjen en wiuwe.

Yn groepen gie it fan de Prinsetún nei keramykmuseum de Princessehof oan de oare kant fan de dyk. Dêr koene sy nifelje, sminke, ite en foto's meitsje litte. De Prinsessedei is in leechdrompelige tagong ta it museum foar bern en âlden. De organisaasje wol takom jier rekken hâlde mei noch mear belangstelling.

Dan wurdt it in Prinsessewykein yn stee fan in Prinsessedei.

(advertinsje)
(advertinsje)