Nije fakânsjeparken by Iselmarkust om it gebiet oantrekliker te meitsjen

De provinsje, de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren en it Wetterskip hawwe plannen presintearre om it Fryske Iselmarkustgebiet oantrekliker te meitsjen. Der moatte ûnder oare nije fakânsjeparken en attraksjes komme, is it idee.
De Iselmar by Hylpen © Remco de Vries
De doelen binne foar de kommende trije desennia fêstlein. It útgongspunt by alle plannen is om it karakter fan it gebiet te behâlden.
Njonken de fakânsjeparken en attraksjes, wolle de partijen ek dat it wetter better beheard wurdt mei de klimaatferoaring en dat der minder ôffal en fergriemerij is. Boppedat moat der ynvestearre wurde yn ferbliuwsakkommodaasjes en de partijen wolle dat boeren holpen wurde mei de oergong nei natuerfreonlikere lânbou.

Soad mooglikheden

"Het Friese IJsselmeergebied is prachtig", seit Maarten Offinga, wethâlder fan de gemeente Súdwest-Fryslân. "Het heeft een rijke historie en biedt veel mogelijkheden. Dat hebben we vertaald naar ambities en uitgewerkt aan de hand van de thema's water, cultuur, natuur, energie en economie. Met onze plannen kunnen we dit gebied de komende jaren verbeteren en interessanter maken."
It Ministearje foar Ynfrastruktuer en Wettersteat hat earder dit jier 12 miljoen euro beskikber steld foar de fersterking fan it Fryske diel fan de Iselmarkust. In moaie earste stap om de ambysjes útfiere te kinnen, fine de partijen. De provinsje stekt ek sa'n fiif miljoen euro yn it kustgebiet.