Aldehou ûntfangt 250.000ste besiker sûnt 2010

25 jun 2019 - 16:08

De Aldehou hat tiisdei de 250.000ste besiker sûnt 2010 ferwolkomme. De besikers wiene Stephen en Katie Lindsay mei harren hûntsje út Kopenhagen. Fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert krigen de besikers in goodybag mei ûnder oare in Ingelsktalich boek oer Ljouwert, in flesse yn de foarm fan de Aldehou mei bearenburch en in kadobon.

De Aldehou yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Sûnt it Histoarysk Sintrum Ljouwert it behear yn 2010 oernaam fan de VVV is it tal besikers bot omheech gien. Earst wiene dat noch sa'n 20.000 minsken yn it jier, mar sûnt 2014 binne dat der sa'n 25.000 besikers yn it jier. Yn 2018 wie der in rekôr, Ljouwert Kulturele Haadstêd luts 66.000 besikers nei de Aldehou.

(advertinsje)
(advertinsje)