Middelbere skoallen op De Jouwer om krimp tegearre fierder as: Plein Joure

25 jun 2019 - 15:44

In fernijende gearwurking tusken it Bornego College en OSG Sevenwolden moat derfoar soargje dat it foartset ûnderwiis foar De Jouwer behâlden bliuwe kin. Troch ûnder oare de krimp is it foar beide skoallen dreech om kwalitatyf goed ûnderwiis oan te bieden. En dus hawwe sy besletten om mei-inoar fierder te gean ûnder de nije namme: 'Plein Joure.'

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Bornego en OSG sieten al mei-inoar yn ien gebou, mar dizze gearwurking is nij. Sy biede no tegearre it ûnderwiis oan foar de earste fjouwer klassen. Neffens de direksjes fan beide skoallen kinne sy troch dizze gearwurking mear kwaliteit biede.

Hegere klassen wol earne oars

Bern dy't nei de havo of it vwo geane, moatte nei de fjirde klasse wol nei bygelyks It Hearrenfean of Snits, mar dêr wie earder al sprake fan.

Direkteur Peter de Jong fan OSG Sevenwolden

De nije namme soe tiisdeitemiddei offisjeel ûntbleate wurde mei ûnder oare in sponsorrun. Mar troch it waarme waar koe dat net troch gean. En ek de gewoane lessen giene net troch: troperoaster. Mar de bern fan de nije skoalle wiene wol op it skoalplein foar de offisjele ûntbleating.

Op 'e kop

Hûndert learlingen soene foar it each fan in kamera dy't op it dak opsteld wie hûndert buordsjes omheech hâlde. Op dy buordsjes stie dan de nije namme en it nije logo. Mar ek dat rûn efkes oars. De nije namme waard wol ûntbleate, mar dan wol krekt de ferkearde kant út. It logo en de namme kamen op de kop yn byld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)