Undersyk ekologyske gefolgen kontenerramp rjochtet him op plestikdieltsjes

25 jun 2019 - 15:43

Der komt in ûndersyk nei benammen lytse stikjes plastik yn en om it Waad. It giet dan om stikjes tusken de 100 nanometer en 5 milimeter grut. Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hat dat tiisdei nei bûten ta brocht.

Seestjer mei stikjes plestik - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Om mear te witten te kommen oer benammen de ekologyske gefolgen fan de kontenerramp fan begjin dit jier, is der in soad ûndersyk kommendewei. De Waadakademy koördinearret dat en advisearret it ryk dêroer.

Wat is de ynfloed op it miljeu?

It ûndersyksprogramma moat dúdlikens jaan oer fragen oer de boarnen, de fersprieding en de transformaasjes fan it ôffal. Dêrby wurdt ek goed tocht om de ynfloed op it miljeu en it fretten fan alles wat yn it gebiet libbet. Mar der is ek omtinken foar de ynfloed op de minsk. Hoe fiele minsken harren by al dat plestik ôffal yn it Waad en hat soks ynfloed op it toerisme?

De ûndersikers sille ek besjen oft minsken oars mei plestik omgean. Boppedat wurdt ûndersocht hoe't sa'n grut ûngelok foarkaam wurde kin en wat net allinnich de gefolgen binne fan de fersmoarging, mar ek fan it opromjen en bergjen fan it ôffal op it miljeu.

(Advertinsje)
(Advertinsje)