Aldergeloks mar ien, licht ûngelok yn Fryslân mei de 112-steuring

25 jun 2019 - 15:13

Mei de grutte telefoansteuring by KPN wie it alarmnûmer 112 moandei in skoft net te berikken. Yn de perioade fan de steuring is yn Fryslân aldergeloks net folle slims bard. "Wy hawwe ien melding hân. By in brânwachtpost is ien boarger binnenkaam dy't melding die fan in ferkearsûngelok. Mar it foel ta, it wie blikskea. It wie eins it iennige ynsidint yn Fryslân foar de brânwacht," seit Baukje de Wal fan Veiligheidsregio Fryslân.

De steuring soarge neffens De Wal wol foar in soad ûndúdlikens. "It wie hiel ferfelend, want wannear is sa'n steuring oplost?"

Brânwachtlju op elke kazerne

De brânwachtlju wiene fansels net allegearre berikber oer de telefoan, jout De Wal oan. "Mar de frijwilligers fan de brânwacht yn Fryslân hawwe in pager. Sy binne alarmearre mei it berjocht: opkomme op de eigen kazerne. Wy hawwe yn Fryslân 65 kazernes, om en de by 1.000 frijwilligers en in beropspost yn Ljouwert dy't altyd bemanne is. Dus der binne yndie frijwillgers opkaam op alle kazernes, sy wiene allegearre bemanne."

Op elke kazerne wiene dus brânwachtlju beskikber. "Der wiene yn alle gefallen fjouwer minsken oanwêzich. Mar leafst seis as mear yn ferbân mei de bemanning foar in tankautospuit."

De Wal: "It wie foar de brânwachtlju ek net dúdlik hoe lang oft sy dêr sitte soene. Mar sy moasten wol berikber wêze foar de boargers, en dêrneist koene de minsken ek noch it neednûmer brûke dat ynsteld waard."

Gjin lêst fan ferkeard nûmer

It die bliken dat der ek in ferkeard nûmer yn omgong wie. "Wy hawwe dêr gjin lêst fan hân. Wy hawwe ús beheind ta de ynformaasje dy't wy fan hegerhân krigen en wy hawwe fuortdaliks de goede nûmers bekend makke, sa't de plysje en de meldkeamer trochjûn hawwe."

Al mei al is De Wal bliid dat it yn Fryslân goed gien is en dat der gjin slimmere ûngelokken bard binne. "Der komme noch evaluaasjes: hawwe wy it goede dien? Mar sa't it no is: ja."

Veiligheidsregio Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Baukje de Wal fan Veiligheidsregio Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)