Maarten syn boadskip foar de Friezen: "Fryslân boppe, dank jullie wel!"

25 jun 2019 - 12:46

"Dit kan alleen maar in Fryslân", sei Maarten van der Weijden tiisdei nei in goede nachtrêst. Mei alve stimpels yn 'e bûse, sawat fjouwer miljoen euro foar ûndersyk nei kanker en in - foar syn dwaan - lange nacht sliep achter de rêch sjocht er werom op in magysk wykein. Omrop Fryslân stelde him yn in live ynterview de grutte fraach: hoe is it no mei him, nei dy meunsterswimtocht fan 195 kilometer by de alve stêden del?

Dêr sit er dan, yn it Oranjehotel yn Ljouwert. Maarten van der Weijden sjocht der wurch út en op syn lichem hat er plakken en ferwûnings. Mar hoe fielt er him? "Ik voel me goed. Beter dan vorig jaar. Ik heb wel last van schuurplekken, op mijn arm, nek en oksel. Dat doet het meeste zeer. Maar dat is relatief. Als je 200 kilometer hebt gezwommen, valt dat mee."

It grutte ferskil mei foarich jier is fansels dat Maarten de folsleine rûte ôflein hat. Hy gie ek mei in oare mentaliteit it wetter yn, wêrtroch't er him better fielde. "Ik voel me lichamelijk ook beter. Vorig jaar was een lijdensweg. Ik heb genoten van de mensen op de kant", fertelt Maarten. "Het ging goed en het bleef goed gaan. Het water werd mijn thuis. En de tocht was daarom plezieriger dan vorig jaar."

Betsjoend

Maarten hat Fryslân betjoend. As er weromsjocht op syn tocht, sille de trochkomsten yn de stêden him it meast bybliuwe. "De doorkomsten waren massaal en heel bijzonder. Hoe verder ik kwam, hoe massaler ze werden. Fantastisch!"

"Stavoren was waanzinnig, Workum was een groot feest, Bolsward was laat, maar ook een groot feest, Harlingen erg vroeg, maar ook al vol. In Franeker was het massaal. Daarna werd het maandag en dacht ik dat iedereen aan het werk was. Dus dat Dokkum zo vol stond, was bizar. Dit kan alleen maar in Fryslân. De Friezen zijn zo bijzonder. Ik voel me enorm gedragen en gesteund."

Foto: Anton Kappers

In bysûnder momint wie doe't Maarten oer de slûs by Wier deroerhinne takele waard. Dêr koene syn dochters syn hân pakke en in stikje mei him 'meiswimme'. "Ik hou van zwemmen. De Elfstedentocht was dan ook het mooiste dat is me kon voorstellen. En het is gebleken dat dat zo is. Ik dacht ook: we moeten dit samen doen."

Maarten syn frou Daisy en syn twa dochters wiene der op de folsleine tocht by. "Als gezin hebben we die keuze gemaakt, dat mijn dochters er in Wier bij waren en bij Burdaard een stempel gaven."

"Stug doorgaan"

Der wiene ek rêstiger mominten, want sa no en dan swom Maarten yn it tsjuster en wiene der gjin taskôgers. Wêr tocht er oan, as er efkes gjin minsken hearde? Wat gie er troch syn holle? "Het is stug door naar het volgende punt. Het punt waar ik drinken krijg, dat ik weer een afstand heb. Ik kijk naar de mensen op de kant, welke kleren ze aan hebben en wat voor spandoeken ze hebben."

De tocht gie dus net allinnich mar oer roazen. Der wiene ek drege mominten. "Ik heb het zaterdagnacht en maandagochtend zwaar gehad. Toen we vlak voor Bartlehiem lagen en iedereen er wel zomaar vanuit ging dat ik het wel ging halen. Maar ik had het wel zwaar en ik ging langzamer zwemmen. Maar heb het toch gered!"

Maarten fûn de tocht al minder dreech as foarich jier. Doe moast syn frou Daisy him nei 22 oeren swimmen wer it wetter yn prate, fertelt er. "Dat heb ik nu niet gehad."

Foto: Omrop Fryslân

"Het was fantastisch. Ik heb wel geleerd van vorig jaar: je moet geen uitspraken doen over een jaar later." Maarten tinkt dat er it net wer op 'e nij besykje sil. "Ik denk dat dit het wel was. Maar het is echt nog te vroeg om daar iets over te zeggen."

De tocht einige net op de Bonkefeart, lykas de Alvestêdetocht op redens. Oft Maarten dat spitich fûn? "Natuurlijk wil je iedereen gunnen dat die erbij kan zijn. Ik ben niet betrokken geweest bij die keuze, maar wat ik me kan voorstellen: je moet het wel veilig houden. Het was de beste optie en ik vind het fijn dat het zo gelopen is."

Boadskip foar de Friezen

De swimmer hat dus in soad stipe belibbe oan alle Friezen dy't oan de wetterkant stiene mei muzyk, spandoeken en motivearjende útroppen. Maarten syn boadskip foar de Friezen: "Fryslân boppe, dank jullie wel!"

(advertinsje)
(advertinsje)