Hûnderten minsken yn Londen bringe besite oan de ielaak út Heech

25 jun 2019 - 12:19

De ielaak út Heech hat de ôfrûne dagen al twa kear ûnder de Tower Bridge yn Londen troch west. Sa koene se by it âlde lispak fan de iel fan eartiids komme. De ielaak is ôfrûne freed oankaam yn Londen. It wykein makken sy al diel út fan in gearkomste fan tradisjonele skippen. It giet dan om skippen fan Nederlânske makkelei dy't permanint bewenne wurde.

De ielaak yn Londen - Foto: Palingaak Londen

De ielaak hie gjin gebrek oan belangstelling by de gearkomste. Hûnderten minsken hawwe in besite brocht oan de aak. Woansdeitejûn is der in krânslizzing foar bemanningsleden fan ielaken dy't yn en om Ingelân omkaam binne.

Wrâldkongres en City Hall

Tongersdei en freed is it twadde lustrum fan it wrâldkongres fan de Sustainable Eel Group. De bemanning fan de ielaak sil tongersdei ek in besite bringe oan de City Hall fan Londen. Hjir sille sy it ien en oar oanbiede oan it gemeentebestjoer. Snein sil de ielaak rjochting Oostende farre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)