Skiermûntseach is opnij de Fryske gemeente mei de measte miljonêrs

25 jun 2019 - 12:15

Fan alle gemeenten yn Fryslân wenje op Skiermûntseach de rykste húshâldens. Neffens sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) wennen op 1 jannewaris 2017 2,4 persint miljonêrshúshâldens op it eilân. Omrekkene binne dat tolve húshâldens. It giet dan om allinnich it eigen fermogen fan partikuliere húshâldens.

Foto: Pexels.com

It gemiddelde fan Fryslân leit in stik leger. Mar 1,4 persint fan alle Fryske húshâldens hat mear as in miljoen eigen fermogen. Dat is ek 0,1 persint minder as it jier dêrfoar.

Lanlik is de trend in stik positiver, want it tal miljonêrshúshâldens is mei 1,2 persint omheechgien. Begjin 2017 wiene der 115.000 húshâldens mei in fermogen fan in miljoen of mear.

Yn ferliking mei de oare provinsjes stiet Fryslân op it njoggende plak. Noch wol foar Grinslân, Limboarch en Flevolân, dy't alle trije 1,1 persint miljonêrshúshâldens hawwe.

Persintaazje miljonêrshúshâldens yn Fryslân foar alle gemeenten op 1 jannewaris 2016 en 2017

2017 2016
Skiermûntseach 2,4% 2,4%
It Amelân 2,3% 2,3%
Skylge 2,1% 2,0%
Weststellingwerf 2,1% 2,0%
De Fryske Marren 1,8% 1,8%
Súdwest-Fryslân 1,8% 1,7%
Opsterlân 1,7% 1,7%
Noardeast-Fryslân 1,6% 1,7%
Eaststellingwerf 1,5% 1,6%
Waadhoeke 1,5% 1,4%
Tytsjerksterdiel 1,3% 1,2%
Harns 1,3% 1,3%
Hearrenfean 1,3% 1,2%
Flylân 1,2% 1,2%
Dantumadiel 1,0% 1,1%
Achtkarspelen 0,9% 0,9%
Smellingerlân 0,9% 0,9%
Ljouwert 0,8% 0,8%
(Advertinsje)
(Advertinsje)