N383 tusken Marsum en Sint-Anne twa wiken yn 'e nacht ôfsletten

25 jun 2019 - 11:37

De provinsjale dyk N383 tusken Marsum en Sint-Anne is tusken 5 en 19 july ôfsletten yn de jûntiid tusken 19.00 en 06.00 oere. Yn dizze twa wiken wurket de provinsje oan de dyk, dy't yn de ferskate gemeenten Westergoawei, Hemmemawei en Warmoesstrjitte hjit.

De N383 by Berltsum - Foto: Google Street View

Tusken 5 en 19 july is der op ferskate punten opkear foar it ferkear:

Faze 1 Marsum-ôfslach N398: 5, 8 en 18 july.

Faze 2A Bitgumerdyk-Bitgum: 8, 9 en 17 july.

Faze 2B Bitgum- rotonde Berltsum: 10, 11 en 17 july.

Faze 3 Rotonde Berltsum-fytstunnel Bildtdyk: 9,10 en 16 july.

Faze 4 Parallelwei rotonde Berltsum-Liuwesingel: 11, 12 en 15 july.

Faze 5 Rotonde De Draai Nassaustrjitte Sint-Anne: 11, 12 en 15 july.

Op 5, 8 en 18 july wurdt it trochgeande ferkear tusken Marsum en Sint-Anne omlaat fia Ljouwert en Stiens oer de N31, N357 en N393. Yn de fazen 2A, 2B, 3 en 5 kin it ferkear oer de N398 (Noordwesttangent) en N393.

Trefwurden: 
provinsje Marsum Sint-Anne N383
(Advertinsje)
(Advertinsje)