Oantal selsmoarden yn Fryslân is de ôfrûne twa jier ôfnaam

25 jun 2019 - 11:32

It oantal selsdeadingen yn Nederlân is ôfnaam. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) dy't tiisdei ferskynd binne. Ek yn Fryslân makken minder minsken sels in ein oan harren libben. Yn 2016 wiene der noch 14 selsdeadingen op 100.000 ynwenners, mar yn 2018 wiene it der 12.

Foto: Omrop Fryslân

Yn Nederlân naam it oantal selsdeadingen yn 2018 ôf yn ferliking mei it jier derfoar. Benammen ûnder manlju kaam selsmoard folle minder foar; dat oantal naam ôf mei sa'n 10 persint. Under froulju gie it oantal selsdeadingen dan wer omheech. Yn totaal makken 1.829 minsken sels in ein oan harren libben.

Rappe delgong

Hoewol't it oantal selsdeadingen yn ferhâlding ta it oantal ynwenners fan Fryslân ôfnaam yn it ôfrûne jier, en ek hurder ôfnaam as it lanlik gemiddelde, is it yn ús provinsje noch hieltyd frij heech. Fryslân komt op in twadde plak. Allinnich yn Seelân wie it oandiel grutter; fan de 100.000 ynwenners diene dêr 13 minsken harsels tekoart.

Lanlik sjoen naam it oantal selsdeadingen yn alle leeftiidsgroepen ôf, útsein yn dy tusken de 20 en 40 jier. Yn de groep naam it oantal selsmoarden ta, fan 400 nei 464.

Kampanje

De GGD Fryslân sette yn 2017 in kampanje op om selsdeading te foarkommen. Frans Haenen fan GGD Fryslân is wiis mei de nije sifers. "'We zitten nog steeds boven het landelijk gemiddelde, maar de daling gaat in Friesland veel sneller dan in de rest van het land." Oft de rappe delgong yn Fryslân komt troch de kampanje wit Haenen net, dêr is gjin ûndersyk nei dien.

Op 10 septimber is it suïsideprevinsjedei en om dy datum hinne organisearret GGD Fryslân wer in kampanje. "De campagne zal vast zijn effect gehad hebben, en daar moeten we mee doorgaan", tinkt Haenen.

Hasto help nedich? Dan kinst kontakt opnimme mei Stichting 113 Zelfmoordpreventie fia 0900 0113 (24/7 berikber) en www.113.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)