Tweintich organisaasjes claime 3,35 miljoen euro foar kontenerskea MSC Zoe

25 jun 2019 - 11:16

Der leit no in claim fan 3,35 miljoen euro by reder MSC yn ferbân mei it yn see fallen fan 342 konteners begjin dit jier. It ryk wol dêr 2,64 miljoen euro fan hawwe en de gemeenten plus natuerbehearders claime 710.000 euro. De fiif Waadgemeenten freegje dêrfan 280.000 euro.

Dat skriuwt minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat tiisdei yn in brief oan de Twadde Keamer. Woansdei is der in fêst oerlis mei de Twadde Keamer mei Van Nieuwenhuizen en minister Carola Schouten fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit, dêr't dit yn oan 'e oarder komt.

It jild dat no weromfrege wurdt, is ûnder oare útjûn oan it ynskeakeljen fan tredde partijen, materiaalhier en de ynset fan eigen personiel. De claim is mids maaie yntsjinne en Rykswettersteat trunet der by reder MSC op oan om gau te beteljen.

Genôch tiid hân

De minister skriuwt dat de reder no wol genôch tiid hân hat. "Als dit nog langer op zich laat wachten, zal ik mij genoodzaakt zien om andere wegen te bewandelen om te bewerkstelligen dat claims worden betaald."

Los fan dy claim, dy't oer it troch Rykswettersteat opset skealoket rint, binne der ek noch fiskers dy't op in fergoeding wachtsje foar harren skea. Ien fan harren is no betelle.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De bergingsoperaasje is noch net dien, skriuwt de minister ek yn antwurd op Keamerfragen. Der binne yn totaal 1.800 'objekten' fûn en fan de seeboaiem helle, dy't ôfkomstich binne fan de MSC Zoe. Dat wie op 26 maaie hielendal klear, hat de berger witte litten.

Rykswettersteat kontrolearret op dit stuit oft dat ek goed dien is. Mocht der dochs noch mear lizze, dan hat MSC dêr yn de wike fan 14 july in bergingsskip foar reservearre. Om 1 july hinne set der noch in proef útein om mei in fiskersskip lyts ôffal fan de seeboaiem ôf te heljen.

3.200 ton oan materiaal yn see

Op syn gaust is de hiele bergingsoperaasje ein july dien. Der is mei-inoar 3.200 ton oan materiaal, dus konteners mei ynhâld, yn see bedare. Oant en mei 17 juny is dêrfan út it Nederlânske en Dútske part fan de Noardsee 2.338 ton opromme. Fan in lyts part fan wat de Dútsers ophelle hawwe, is it gewicht lykwols net bekend.

Dat jildt ek foar guod dat yn de earste dagen nei de ramp fan de kust ôfhelle is. Mar yn de takomst kin der noch ôffal oanspiele en de minister wol dat de reder jild reservearret om de kosten fan it opromjen dêrfan te dekken.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)