Gemeente oan de slach mei Boargerbeslút oer sintrum It Hearrenfean

De gemeente Hearrenfean giet oan de slach mei it Boargerbeslút oer it sintrum fan it plak It Hearrenfean. Dat is de útkomst fan de riedsgearkomste moandeitejûn. De gemeenteried hat unanym besletten de plannen foar it sintrum oan te pakken. Dat is in primeur yn de skiednis fan de gemeente.
© Gemeente Hearrenfean
Der waard nammentlik net earder in Boargerbeslút as útgongspunt naam foar in riedsbeslút. "Het is een intensief traject, waarin de plannen gemaakt zijn samen met de inwoners. Een prachtige vorm van samenwerken", seit boargemaster Tjeerd van der Zwam deroer.

G1000Heerenveen

It Boargerbeslút bestiet út 47 foarstellen om it sintrum fan it plak te ferbetterjen. Dy foarstellen kamen by inoar op in Boargertop op It Hearrenfean yn febrewaris. Dy top wie ûnderdiel fan de G1000Heerenveen.
In G1000 (Groep fan tûzen) is in iepen petear tusken in grutte groep ynwenners, ûndernimmers, amtners en politisy. It is in metoade om tegearre besluten te nimmen oer wichtige saken yn in mienskip.

Fan lyts oant grut

De foarstellen rinne fan lyts en konkreet lykas mear bankjes, fytsestallingen wettertaappunten, oant gruttere en djoerdere plannen út elkoar. Sa soe der mear grien komme moatte en mear moetingsplakken. Ek soe der mear romte foar kultuer komme moatte mei in kultuerpark, kultuerhûs, kultuerburo en kultuerrûte.
De leden fan de monitorgroep, dy't ûntstien is út de spesjaal ynstelde Boargerried, sille it proses yn 'e gaten hâlde en meihelpe yn de útfiering derfan.

Hoe no fierder?

It kolleezje fan B&W hat de opdracht krige om te sjen nei de helberens, konsekwinsjes en mooglikheden fan de foarstellen. Yn novimber beslút de gemeenteried oer wat der barre sil; hokker plannen al op koarte termyn útfierd wurde kinne en wêr't der krekt mear tiid foar nedich is.