Foar de twadde kear yn koarte tiid auto's yn 'e brân yn Surhústerfean

25 jun 2019 - 10:55

Foar de twadde kear yn ien wike binne der yn Surhústerfean auto's yn 'e brân stutsen. Yn de nacht fan tiisdei op woansdei trof de brânwacht oan De Torenvalk in auto en in bedriuwsbuske oan dy't yn 'e fik stiene. De auto is folslein útbaarnd.

Foto: Brânwacht Surhústerfean

De brânwacht fan Surhústerfean is om 4.13 oere hinne útriden en krige ûnderweis te hearren dat der meardere auto's yn 'e brân stiene. It fjoer is troch de brânwacht út makke.

Al de twadde kear

Op 20 juny wie der om fjouwer oere hinne ek al in auto yn Surhústerfean dy't yn 'e brân stie. Dêr stie noch in auto njonken, mar de brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech. De auto hie lykwols wol skea. Dizze brân wie oan de Grietmanstrjitte.

Op de Facebookside fan de brânwacht binne der minsken dy't yn noed sitte dat der mooglik in pyromaan yn it doarp aktyf is. Dêr binne fierder noch gjin meidielingen oer dien troch de ynstânsjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)