MCL wiis mei jild foar kankerûndersyk, mar der is noch folle mear nedich

25 jun 2019 - 10:03

Hast fjouwer miljoen euro hat Maarten van der Weijden ophelle mei syn Swimalvestêdetocht, en it sjocht der nei út dat it bedrach noch oprinne sil. It jild is bedoeld foar kankerûndersyk. Op it MCL binne se tige wiis mei al it jild dat ophelle is.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens ynternist-hematolooch yn it MCL Esther de Waal is it hiel wichtich dat Maarten van der Weijden dit jild ophelle hat. "Kanker is een ziekte die heel veel mensen treft en kankeronderzoek kost heel veel geld. Het is super dat er op deze manier zo veel geld bij elkaar wordt gebracht."

Foarich jier waard der likernôch 5 miljoen euro ophelle, dit jier 4 miljoen. Hellet njoggen miljoen euro wat út of is dat mar in drip op in gleone stien? "Dat is natuurlijk een enorme berg geld en hij is natuurlijk een topper dat hij dit heeft gedaan. Dus ik zou het zeker geen druppel op een gloeiende plaat willen noemen, maar onderzoek doen kost wel heel veel geld...", leit De Waal út.

Esther de Waal oer it ophelle jild

It liket derop dat der in soad aksjes binne om jild yn te sammeljen foar kankerûndersyk. Mar wêrom no krekt foar dy sykte? Wat makket kanker oars as oare sykten? "Ik denk dat dat er voor een deel te maken heeft dat het echt heel veel mensen treft. Bijna iedereen kent wel iemand in z'n familie die hiermee te maken heeft. Er overlijden veel mensen aan, dus het is een ziekte die veel impact heeft op mensen rondom kankerpatiënten."

Ryk lân

Dat sa'n grutte ynspanning nedich is yn in ryk lân as Nederlân, kin as dûbeld opfette wurde. "Dat is dan misschien toch wel onze menselijke aard. Je voelt ten eerste met Maarten mee vanwege deze topprestatie. En ten tweede is hij ex-kankerpatiënt, die heel goed weet wat zo'n traject inhoudt. Dat maakt denk ik ook wel indruk op mensen, dat je na zo'n behandeling zo'n prestatie neer kunt zetten", tinkt De Waal.

Boadskip

Benammen it boadskip dat Van der Weijden meijaan wol, fynt De Waal bysûnder. "Wat ik mooi vind, is dat hij altijd zegt: het is niet zo dat als je hard genoeg vecht, je dit gevecht wint. De een trekt het lootje dat 'ie het wel wint, de ander trekt het lootje dat 'ie het niet wint. Maar de mensen die het niet winnen, die hebben niet niet hard gevochten. Dat benadrukt hij altijd heel mooi."

(advertinsje)
(advertinsje)