Seleksje VC Sneek kompleet: Sjanet Wijnja fan Wommels taheakke

25 jun 2019 - 09:47

Sjanet Wijnia (20) fan Wommels is taheakke oan de seleksje fan follybalferiening VC Sneek. De seleksje is no kompleet.

Sjanet Wijnia yn 2017 yn aksje by VC Sneek - Foto: Orange Pictures

Sjanet Wijnia is mei follybal begûn by Covos, mar makke al jong de oerstap nei VC Sneek. Dêr hat sy har follybaloplieding hân, sy is in talint út de oplieding foar jongerein dy't no trochstreamt yn de earste seleksje.

De lêste fjouwer jier wie sy in fêste basisspylster yn it twadde team dat yn de earste difyzje útkomt. Dêr waard sy ûnder oare kampioen mei.

Net allinne follybalster, ek keatster

Wijnia is ek in bekend keatster. Ofrûne wykein wûn sy noch mei it ôfdielingspartoer fan Wommels it nasjonale kampioenskip. Mei dy titel wûn se ek de sulveren wimpel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)