Kollum: "De vergeten geschiedenis van Friesland"

25 jun 2019 - 08:20

"Foarige wike wie de lêste ôflevering fan Rond de Noordzee, in programma fan de VRT en de VPRO. Trije Flamingen reizgen dêryn mei de klok mei om de Noardsee hinne, in tocht fan sa'n 5000 kilometer. Rêchsek om, rinskuon oan en útein.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

De mannen begûnen yn Brugge, dêr't se mei behelp fan in kano útfearen. Dêrnei rûnen se nei Cap Gris-Nez, by Calais, om fan dêr wei oer te stekken nei Dover. Fierder gie it troch Ingelân, Skotlân, fia de Orkney- en Shetlân-eilannen nei Noarwegen, Denemarken, Dútslân en Nederlân. Underweis koene de folgers fan de searje genietsje fan prachtige bylden, de meast ûnferwachtse moetingen en dito ferhalen. It wurd 'serendipiteit' is neffens my allinne mar útfûn om dizze searje mei te beskriuwen: it talint om tafallige ûntdekkingen te dwaan, om de eagen iepen te hâlden foar alles dat moai, minder moai en soms dramatysk is.

Ik sil hjir net de flater meitsje troch op te somjen wat allegear sa bysûnder wie. Ien ding wol ik lykwols apart sette, ien opmerking dy't presintator Arnout Hauben makke doe't se op Flylân wiene. Dêr hie er nammentlik in petear mei in heechlearaar dy't mei pensjoen wie. Dy man boude no boaten en skippen op skaal. Hy wist dêr ek alles oer te fertellen. Sa kaam er op in stuit te praat oer de saneamde 'fergetten ramp'.

Dêrmei doelde er op de oanfal fan de Ingelske marine op Nederlânske keapfardijskippen yn 1666. In float fan 170 fan dy skippen lei foar de kust fan Flylân, te wachtsjen op in geunstige wyn foar de hannelsfeart nei de Eastsee. De Ingelsken foelen op 19 augustus oan. Se follen lytse, âlde skippen mei brânber materiaal lykas pik en krûd, stutsen dy yn 'e brân en jagen se nei de Nederlânske float. Dy waard sa goed as hielendal ferneatige. Likernôch 2000 seelju rekken dêrby dea. De oare deis kamen de Ingelsen mei sloepen op West-Skylge oan. Dêr baarnden se it hiele doarp plat, allinne de Brandaris en de Westertsjerke bleaune oer.

De heechlearaar sei dat wy fan alles oer de suksesfolle seeslaggen fan bygelyks Michiel de Ruyter leare, mar neat oer de grutste maritime katastrofe fan Nederlân. Dy kaam yn de dôfpot, ynstee fan yn de skiednisboeken. "Dat is de vergeten geschiedenis van Nederland", sei presintator Arnout Hauben. "Daar zou je een serie van kunnen maken."

En sa is it. As wy dan dochs de skiednis oereidzje en op 'e nij besjogge, pleitsje ik derfoar om dat fuortendaliks goed te dwaan. Want de grutste fergetten skiednis is dy fan Fryslân. Dêr is neat fan werom te finen yn it Nederlânske skiednisûnderwiis. Wylst de Friezen as oarspronklike bewenners fan dit kustlân, as keaplju en seefarders in beslissende rol yn de ûntjouwing dêrfan spilen. Sterker noch: sa't de Friezen in wichtige rol yn it ûntstean fan it lettere, moderne Europa spile ha, sa't Michael Pye yn syn boek 'Aan de rand van de wereld' sjen lit, en Stéphane Lebecq al in pear desennia foar him. De grutste fergetten skiednis is dy fan Fryslân: dy leit op de boaiem fan de Hollânske dôfpot. It is de heechste tiid dat dy skiednis foar it ljocht komt."

(advertinsje)