Lânskipsbehâlder Jan de Boer hat betinkingsplak krige yn Eastermar

Yn Eastermar is moandeitemiddei in betinkingsplak ûntbleate ta neitins oan Jan de Boer fan Boelensloane. De ferline jier augustus ferstoarne De Boer (65) wie fan grutte betsjutting foar it behâld fan it typyske lânskip fan de Fryske Wâlden. De iepening waard dien troch Lânskipsbehear Fryslân en Stichting Wrâldfrucht.
© Stichting Wrâldfrucht
Jan de Boer fan Boelensloane waard yn 1953 berne by Jistrum. Al doe't er jong wie, hie er in grutte leafde foar de natuer yn syn eigen streek De Fryske Wâlden. Fan dizze leafde hat hy letter syn wurk makke. Sa skreau hy de 'Veldgids Landschapselementen Noardlike Fryske Wâlden'.
Oan it begjin fan de jierren 90 wie hy mei-oprjochter fan Stichting Wrâldfrucht, dy't him ynset foar it werombringen fan bysûndere en âlde streekgewaaksen fan De Wâlden.
Yn syn lêste jierren fersprate hy syn gedachtegoed ek earne oars. Sa sette hy him yn Tanzania yn foar biogasynstallaasjes en tunen mei fruitbeammen en griente by skoallen. De Boer ferstoar ôfrûne jier augustus op 65-jierrige leeftiid.
© Tim Groeneveld (timsfotos.nl)
Foppe van der Meer oer Jan de Boer
Foppe van der Meer fan Lânskipsbehear Fryslân hat lang mei Jan de Boer gearwurke en koe him dan ek goed. Hy omskriuwt De Boer as in útsprutsen man mei in eigen miening. "Hy hie altyd nije ideeën. Hy hie in soad kennis keppele oan grutte ynset."
De Boer hat fan grutte betsjutting west foar it lânskip sa't it der no foar stiet. "Hy hat in fjildgids makke. Dat wie net allinnich it meitsjen fan in boek. Dat wie in hiel proses, mei boeren, oerheden en oerheidstsjinsten om in goede behearsynstruksje te meitsjen. Foar hoe't je it bêste mei dykswâlen en singels omgean kinne", fertelt Van der Meer.
"Hy hat ek Stichting Wrâldfrucht oprjochte, om streekeigen gewaaksen werom te bringen yn De Wâlden. Dêr hat er ek in fertsjinmodel oan fêstplakt."

Betinkingsplak

It betinkingsplak foar Jan de Boer waard ûntbleate troch Lânskipsbehear Fryslân en Stichting Wrâldfrucht. It bankje mei betinkplaat is te finen oan de Kleine Hornstweg yn Eastermar.
'In útsprutsen Wâldpyk mei in grutte leafde foar it lânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden. Syn grutte kennis fan de streek en alles wat groeit en bloeit leit oan de basis fan it hjoeddeiske lânskipsbehear troch boeren en bûtenlju' is de tekst op de plakette op it bankje.