Man rekket ferwûne by stekpartij yn Ljouwert

25 jun 2019 - 06:31

By in stekpartij yn de Doniastrjitte yn Ljouwert is yn de nacht moandei op tiisdei in man ferwûne rekke. It slachtoffer moast nei it sikehûs en is dêr behannele oan syn ferwûnings.

Foto: ProNews

De plysje hat koart nei de stekpartij in fertochte oanhâlden. Dy sit noch fêst en sil tiisdei heard wurde.

De strjitte hat in skoft ôfsletten west foar ûndersyk. Oer de tadracht is noch neat bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)