Wommels, Menaam en Winsum winne yn foarronde op IFK Jeu de Pelote

24 jun 2019 - 22:26

De partoeren fan Wommels, Menaam en Winsum binne troch nei de earste omloop fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelôte. Sy wûnen moandeitejûn harren foarrondepartijen op It Plein yn Easterlittens.

Foto: Foto: Henk Bootsma

Yn de iepeningswedstriid fan it 21e IFK wie Wommels mei 8-1 te sterk foar Tsjerkwert. Wommels nimt it no yn de earste omloop op tsjin de winner fan de foarronde tusken Stiens en Reduzum.

De twadde wedstriid fan de jûn, tusken It Hearrenfean en Menaam, wie it spannendst. Uteinlik luts Menaam mei 6-5 oan de langste ein. Dat partoer nimt it yn de earste omloop op tsjin it partoer fan Frentsjer, dat al direkt pleatst wie.

De tredde en lêste wedstriid yn Easterlittens, tusken Winsum en Jirnsum, wie in stik minder spannend. Winsum wûn dat duel mei 8-1 en sil yn de earste omloop Hartwert of Deinum treffe.

Twadde dei

Tiisdeitejûn stean op It Plein yn Easterlittens wer trije wedstriden op it program. Weidum spilet dan tsjin Wjelsryp, Stiens nimt it op tsjin Reduzum en Grou treft Easterein.

(advertinsje)
(advertinsje)