TenneT freget bewenners om help by posysjebepaling stroomkabel wynpark Skier

24 jun 2019 - 22:13

Elektrisiteitbehearder TenneT freget de bewenners fan de Waadeilannen en Noard-Fryslân om help by it oanlizzen fan in stroomkabel tusken it nije wynpark boppe Skiermûntseach en de fêstewâl. Moandeitejûn wie de earste gearkomste mei bewenners op It Amelân.

(fotofoarbyld) - Foto: Omrop Fryslân

De kommende dagen docht TenneT ek Skiermûntseach, Dokkum, Garnwerd en Roodeschool oan. Yn totaal hawwe 9500 húshâldens in útnûging krige foar sa'n gearkomste. TenneT hopet dat de omwenners witte hoe't it gebiet derhinne leit. Mei op grûn dêrfan wol TenneT de rûte bepale fan de nije kabelferbining tusken it nije wynpark en it lanlike elektrisiteitsnet.

De kabelferbining komt ûnder de grûn te lizzen. Der binne trije heechspanningsstasjons op de fêstewâl yn de race: Burgum, Vierverlaten by Grins en Eemshaven by Delfsyl. Yn de simmer fan 2020 moat dúdlik wurde hoe't it allegearre komt. It wynpark boppe Skiermûntseach en de stroomkabelferbining nei de fêstewâl binne pas yn 2026 klear.

Projektlieder Frank Timmer

(Advertinsje)
(Advertinsje)