FIDEO: Minskemassa huldiget Maarten van der Weijden nei oankomst

24 jun 2019 - 21:45

Nei de finish fan de Swimalvestêdetocht toande Maarten van der Weijden him op in poadium by de Grutte Wielen noch ien kear oan it publyk. In minskemassa stie dêr om him noch ien lêste kear te huldigjen. Van der Weijden geniete der sichtber fan.

Heb ik toch een Elfstedentocht meegemaakt.

Boargemaster Crone fan Ljouwert

"Ik ben heel blij dat ik hier eindelijk bij de finish ben", sei er. "Hier heb ik vier jaar voor getraind en vier dagen op gewacht. Vandaag is het dan zover. Vorig jaar was het best wel een beetje een lijdensweg en dit jaar heb ik er enorm van genoten. Dat kom met name door jullie enorme enthousiasme. Dank daarvoor."

Maarten van der Weijden is in foarbyld fan in protte sporters, seit in oanwêzige. Ofskiednimmend boargemaster Crone fan Ljouwert is grutsk op de gastfrijens fan de provinsje Fryslân. En dan noch in lyts persoanlik pluspuntsje, seit er: "Heb ik toch een Elfstedentocht meegemaakt."

Ferline jier besocht Van der Weijden it ek alris. Doe kaam er hiel fier, mar moast er opjaan by Burdaard. Dêr ferwiisde er noch nei: "Als je iets heel graag wilt en de eerste keer lukt het niet, dan mag je het best nog een tweede keer proberen."

Hoe't it mei him giet? "Ik voel wel een beetje spierpijn", lake er.

Jild tsjin kanker

Mei syn Swimalvestêdetocht hat Van der Weijden miljoenen euro's ophelle foar ûndersyk nei kanker. De teller stiet op it stuit op sa'n fjouwer miljoen euro.

Huldiging Maarten van der Weijden

(Advertinsje)
(Advertinsje)