Hoedemakers komt, mar ek ôfsizzings foar Cambuur

24 jun 2019 - 21:12

Mees Hoedemakers wurdt de nije spiler fan SC Cambuur. De middenfjilder komt oer fan Jong AZ en de bedoeling is dat er woansdei, as de Ljouwerters begjinne oan de tarieding op it seizoen, al meitraine kin. Technysk manager Foeke Booy hat goede hoop dat dat slagget.

Mees Hoedemakers yn it ôfrune seizoen yn it shirt fan Jong AZ tsjin Cambuur - Foto: OrangePictures

De 21-jierrige Hoedemakers makke goed in jier lyn syn debút foar it earste fan AZ. Mar, by dy iene wedstriid yn de earedifyzje bleau it. Fierders spile Hoedemakers syn wedstriden by de beloften yn de earste difyzje. Ek spile er yn ferskate nasjonale jeugdseleksjes. Hoedemakers is de twadde spiler dy't oerkomt fan Jong AZ. Earder makke Jamie Jacobs ek al dy oerstap.

Tsjinoer de komst fan Hoedemakers stiet ek dat Cambuur mei inkele ôfwizings te krijen hat. Neffens Booy hat de klup Finn Stokkers en Paul Gladon benadere, mar woene beide spitsen net nei Cambuur komme. Ek Etiënne Reijnen krige in oanbieding, mar hy ferkeas PEC Zwolle boppe de ploech fan coach Henk de Jong.

Cambuur hat ek bûtenspiler Giovanni Korte benadere. Dy is transferfrij nei syn fertrek by NAC Breda. Mar, Korte sjocht in petear mei Cambuur foarearst net sitten, sa lit Booy witte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)