112-steuring foar in grut part foarby, Keamerleden wolle opheldering

24 jun 2019 - 19:54

De KPN meldt dat de lanlike steuring foar in grut part foarby is. Dêrmei is 112 wer berikber. De helptsjinsten wiene moandei in pear oeren telefoanysk net berikber op it neednûmer fan de meldkeamer. Der waarden spesjale neednûmers ynsteld.

1-1-2 - Foto: Omrop Fryslân

De Twadde Keamer wol opheldering fan it kabinet oer de steuring. Chris van Dam fan it CDA fynt it 'reedlik ûnbegryplik' dat it alarmnûmer sa kwetsber is. "Dit moet niet mogen." Syn VVD-kollega Arne Weverling fan de VVD skriuwt op Twitter dat in steuring by de helptsjinsten libbensgefaarlik is. Attje Kuiken fan de PvdA wol fan minster Grapperhaus opheldering oer hoe't dit kin.

Trefwurden: 
steuring 112
(Advertinsje)
(Advertinsje)