Maarten van der Weijden hellet mei Swimalvestêdetocht hast 4 miljoen euro op foar kankerûndersyk

Alvestêdeswimmer Maarten van der Weijden hat dit jier hast fjouwer miljoen euro ophelle foar ûndersyk nei kanker. It bedrach fan 3.910.763,11 euro waard bekend makke koart nei't er moandeitejûn oankaam by de Grutte Wielen by Ljouwert.
Bedrach
Van der Weijden sette freed útein mei syn tocht lâns de Fryske alve stêden. Nei hast 200 kilometer hat er de tocht moandeitejûn folbrocht.
© Lizanne Ganzevles

Ferline jier goed 5 miljoen

Ferline jier besocht Van der Weijden de tocht ek te folbringen. Dat slagge doe net. Doe't er doe útstapte, stie de teller op in bedrach fan 2,5 miljoen euro. It waard úteinlik 5 miljoen. It bedrach fan dit jier wurdt letter bekend makke.