It is slagge! Maarten van der Weijden folbringt Swimalvestêdetocht

Maarten van der Weijden hat de Swimalvestêdetocht fan hast 200 kilometer nei 74 oeren ta in goed ein brocht. Hy Om 19.29 oere kaam er moandeitejûn oan by restaurant De Grote Wielen by Ljouwert. In grutte kloft boaten en boatsjes giene it lêste ein mei him mei. De tachtich meiswimmers foarmen steande yn it wetter in soarte fan earehage dêr't er tuskentroch nei de wâl swom.
Hy is der
Van der Weijden krige flak nei it heljen fan de tocht de lokwinsken fan kening Willem-Alexander en keninginne Máxima. "De 11e stempel is binnen! Met spanning en bewondering hebben wij de Elfstedenzwemtocht van Maarten van der Weijden gevolgd. Een tocht van 195 kilometer door de Friese wateren voor het goede doel: wat een topprestatie. Van harte gefeliciteerd."
© Kappers Media
Premier Mark Rutte fynt it in "ongelooflijke, historische en bewonderenswaardige prestatie". En dat "allemaal voor het goede doel". In soad Keamerleden hawwe ek mei Van der Weijden syn tocht meilibbe.
Van der Weijden gie ferline wike freed om healwei seizen los yn de Swettehaven yn Ljouwert foar syn lange swimtocht om jild op te bringen foar ûndersyk nei kanker. Op wat knipperkes fan in pear oeren nei hat er hast kontinu trochswommen.
Omrop Fryslân hat de tocht fan Maarten van der Weijden goed trije dagen lang folge. Sjoch op ús liveblog foar mear ynformaasje.

Ferline jier goed 5 miljoen

Ferline jier besocht Van der Weijden de tocht ek te folbringen. Dat slagge doe net. Doe't er doe útstapte, stie de teller op in bedrach fan 2,5 miljoen euro. It waard úteinlik 5 miljoen. It bedrach fan dit jier wurdt letter bekend makke.