Twa auto's yn botsing by Donkerbroek
Op de N381 by Donkerbroek hat moandei in botsing west tusken twa auto's. In ambulânse is oproppen, mar it is noch net bekend oft der ek ferwûnen oerbrocht wurde moatte nei it sikehûs. De brânwacht, dy't yn earste ynstânsje ek oproppen wie, is weromgien. Troch it ûngelok ûntstie in file yn de rjochting fan Easterwâlde.