Faksinaasjegraad yn Fryslân heger as lanlik trochsneed

24 jun 2019 - 18:06

It tal bern yn Fryslân dat yninte wurdt tsjin sykten, leit heger as it lanlik trochsneed. Dat seit de GGD Fryslân. Lanlik sjoen is der in ein kaam oan de delgong yn de faksinaasjegraad. Yn Fryslân is in lichte tebekrin te sjen yn fergelyk mei foargeande jierren.

Foto: Shutterstock.com

De faksinaasjegraad is yn Fryslân dan wol heger as it lanlike sifer, mar dat jildt net foar de ynintingen tsjin it HPV-firus dat liifmoerkanker feroarsaakje kin.

De faksinaasjegraad is noch net werom op it âlde en winske nivo, seit de GGD. Dat betsjut ûnder oare dat de groepsbeskerming foar benammen de mûzels noch altiten net goed genôch is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)