Omropbylden Maarten van der Weijden gean de hiele wrâld oer

24 jun 2019 - 18:04

Nederlân stipet Maarten van der Weijden manmachtich yn syn Alvestêdeswimtocht. Dat docht ek bliken út de tûzenen berjochten, sa'n seis de minút, dy't by Omrop Fryslân binnenkomme ûnder de non-stop-útstjoering. Yn de sjochsifers is ek wrâldwide belangstelling te merken. Hûnderttûzenen sjoggers út hiel Nederlân hawwe de telefyzje ôfstimd op 'Maartens Alvestêdetocht' fan Omrop Fryslân. Yn mear as hûndert lannen wurdt sjoen nei de livestream.

Foto: Gezina Nijholt

Sûnt Maarten op freed 21 juny yn it wetter sprong yn Ljouwert, folget Omrop Fryslân syn Alvestêdeswimtocht dei en nacht op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De 72 oeren duorjende live radio- en telefyzje-útstjoering hellet topsifers, mei snein allinnich yn Fryslân al mear as 123.000 sjoggers op telefyzje.

Livestream en liveblog

De belangstelling foar de tocht is ek online sichtber. De webside luts oant no ta 350.000 besiten, mei in pyk fan 10.000 besikers tagelyk, wat hast trije kear safolle as gewoanwei is. Yn de Omrop-app wiene oant en mei moandeitemoarn al mear as 534.000 besiten: sa'n 60% mear as gemiddeld.

De lêste ein ek live

De meunstertocht fan Maarten van der Weijden is oant en mei de finish op 'e foet te folgjen by Omrop Fryslân. Dêrnei is de huldiging fan de olympysk swimmer op de stjoerder te sjen. Boppedat kinne minsken yn ruil foar in donaasje oan de Maarten van der Weijden Foundation noch hieltyd in plaat oanfreegje op 92.2FM. Dat wurdt no al sa faak dien dat noch lang net alle platen draaid binne.

Moandeitejûn nei de finish stjoert Omrop Fryslân in kompilaasje út op telefyzje fan de folsleine tocht. Dizze is ek te sjen op de website en omrop-app.

(Advertinsje)
(Advertinsje)