Wurkstraf foar Grinslanner dy't Ljouwerter brutsen kaak slein hat

24 jun 2019 - 16:44

In man (23) út Haren yn Grinslân dy't in man út Ljouwert (20) in brutsen kaak slein hat, hat in wurkstraf fan tachtich oeren krigen. It ynsidint wie trije jier lyn op It Amelân.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

De man út Grinslân wie in diskoteek útset, neidat er tegearre mei syn freondinne spul hân hie mei de man út Ljouwert. Letter op strjitte foel er de man oan. De Grinslanner sloech it slachtoffer mei de fûst tsjin de holle, wêrtroch't dy op twa plakken de kaak stikken hie. Hy moast der yn it sikehûs oan operearre wurde.

De fertochte sei dat er út selsferdigening slein hat. mar omdat de man it slachtoffer fan achteren oanfallen hie, gie de rjochter dêr net yn mei. De man út Grinslân moat syn slachtoffer tûzen euro smertejild betelje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)