Alternative neednûmers bekend makke, Whatsappe of maile kin ek

De lanlike plysje hat in spesjaal neednûmer iepene, fanwege de grutte telefoansteuring by KPN. Dêrtroch is it alarmnûmer 112 net te berikken. It nûmer datst yn gefal fan need belje kinst is 088-66 28 240. It numer foar as it net driuwt, is 0900-8844 en dat docht it ek net. It alternatyf derfoar is 088-9659630. Fierders kinne minsken yn Noard-Nederlân de plysje Whatsappe op 06-13557756 of maile op 112@mknn.nl.
1-1-2 © Omrop Fryslân
Ut it hiele lân komme meldingen dat minsken net belje kinne mei har mobyl en ek net mei de fêste tillefoan. Ek gemeenten en bedriuwen melde dat se net berikber binne. De plysje yn Fryslân hat noch gjin oersjoch fan de gefolgen yn Fryslân fan de steuring. De lanlike ienheid fan de plysje seit dat minsken dy't gau ferlet hawwe fan help, nei plysjeburo's en brânwachtkazernes gean moatte. Dêrwei kin oer in spesjaal netwurk kontakt socht wurde mei de helptsjinsten.