Trainings Cambuur fine plak by DTD en Blau-Wyt '34

SC Cambuur sil yn de tarieding op it nije seizoen traine op de fjilden fan DTD yn Koarnjum en Blau-Wyt '34 yn Ljouwert. Om't it keunstgersfjild yn it eigen stadion ferfongen wurdt, moatte de Ljouwerters útwike.
© Omrop Fryslân
De ploech fan trainer Henk de Jong set woansdei útein mei it nije seizoen. Dat sil barre yn Koarnjum, dêr't Cambuur freed ek de earste oefenwedstriid spilet tsjin DTD. Nei in oantal wiken wurdt der dan traind op de fjilden fan Blau-Wyt '34 op sportpark Wiarda.
Der is ien útsûndering: oankommende sneon is der in saneamde famyljetraining. Bern kinne dan it earste part fan de training meidwaan mei de seleksje. Dy training wurdt holden by Leovardia op it sportpark by it Kealledykje.