FIDEO: Frachtwein Frisian Egg kantele yn Zwaag, fytspaad fol aaigiel

24 jun 2019 - 16:00

In frachtwein fan Frisian Egg út Drachten is moandeitemoarn kantele en op in fytspaad yn it Noard-Hollânske Zwaag bedarre, skriuwt NH Nieuws. Troch it ûngelok is in diel fan de lading fan 15.000 liter aaigiel út de frachtwein streamd.

FIDEO: Frachtwein Frisian Egg kanteld, fytspaad fol aaigiel

De sjauffeur sloech de bocht om, mar dat gong om in ûnbekende reden net hielendal goed. De wein kantele en sloech om op it fytspaad. "De straat is langzamerhand in een omelet aan het veranderen", seit in ferslachjouwer fan NH Nieuws. "Het begint ook behoorlijk te ruiken naar aangekoekt eigeel. Het is niet heel fris."

Op it momint fan it barren wiene der gjin fytsers op it fytspaad. De frachtwein plette wol in ferkearsljocht. Neffens de plysje hat de rioelservice inkele oeren nedich foar it opromjen en it skjinmeitsjen. Ek moat der in sleat leechpompt wurde. Frisian Egg ûndersiket wat der bard is.

Trefwurden: 
Frisian Egg Zwaag aaigiel
(Advertinsje)
(Advertinsje)