RIVM warskôget foar smog op tiisdei, advys om yn de hûs te bliuwen

24 jun 2019 - 15:31

Der is tiisdei kâns op smog troch ozon en op in minne luchtkwaliteit. It Ryksynstitút foar folkssûnens (it RIVM) warskôget dêrfoar. Minsken dy't dêr gefoelich foar binne wurdt advisearre yn 'e hûs te bliuwen. It jildt foaral yn de neimiddei en yn de betide jûn.

De smog ferwachting foar tiisdei 25 juny - Foto: RIVM

Smog troch ozon ûntstiet op sinneskyndagen mei in soad luchtfersmoarging. It kin derfoar soargje dat minsken klachten krije oan de luchtwegen, lykas hoastje, ôfname fan de longfunksje en astmaklachten dy't slimmer wurde. Fierders kinne minsken lêst krije fan de eagen, noas en kiel.

It RIVM ferwachtet dat de problemen yn Fryslân woansdei wer oer binne.

Trefwurden: 
RIVM smog ozon
(Advertinsje)
(Advertinsje)