Man út Koatstertille frijsprutsen fan heling

De eigener (56) fan in recyclingbedriuw yn Koatstertille is troch de plysjerjochter frijsprutsen fan heling fan in frachtauto mei hyskraan. De frachtwein waard fjouwer jier lyn stellen yn Velsen-Noord. De eigener kaam der fia Facebook achter dat de wein sjoen wie by it recyclingbedriuw yn Koatstertille. Mar doe wie er al sloopt. De eigener fûn in part fan syn frachtauto werom by in skroatferwurker yn Kampen.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De soan fan de man út Koatstertille waard twa-en-in-heal jier lyn feroardiele foar heling. Hy moast 54.000 euro betelje oan de eigener.
It Iepenbier Ministearje hie de saak tsjin de heit yn earste ynstânsje seponearre fanwege te min bewiis. Mar it Gerjochtshôf bepaalde yn in artikel-12 proseduere dat de man toch noch ferfolge wurde moast.
Yn de sitting fan moandei kamen de offisier fan justysje en de plysjerjochter wer ta de konklúzje dat der te min bewiis wie om de man te ferfolgjen.