Finish fan Maarten is foar grutte publyk allinne op skerm te folgjen

De finish fan Maarten van der Weijden is moandeitejûn foar it publyk te folgjen op in grut skerm. It 'gewoane' publyk kin net oan de râne fan it wetter stean om te sjen hoe't de swimmer syn lêste stimpel krijt. Der binne twa zônes foar taskôgers, mar dêr meie allinne minsken dy't dêrfoar útnûge binne, komme.
Finish fan Maarten is foar grutte publyk allinne op skerm te folgjen
Maarten van der Weijden is ôfrûne freedtejûn úteinset mei syn meunstertocht by de alve stêden del. Hy swimt yn trije dagen en nachten hast 200 kilometer om jild yn te sammeljen foar kankerûndersyk. It is op de rûte smoardrok; yn de stêden en by de rûte del stean tûzenen minsken de swimmer oan te moedigjen.

Lûd oanmoedigje

De gemeente Ljouwert is net belutsen by de organisaasje fan de finish. De Maarten van der Weijden Foundation hat wol oerlis hân mei de Veiligheidsregio Fryslân. Der kinne 500 útnûge minsken oan de kant stean om de finish fan Maarten van der Weijden 'live' te sjen. Op in eveneminteterrein flakby is in grut skerm dêr't alles goed op te folgjen is. Dêr is plak foar 5.000 minsken. De organisaasje skriuwt op Twitter dat der net tefolle minsken by kinne yn ferbân mei de feiligens. Se freegje oan it publyk dat nei it eveneminteterrein giet, Maarten wol mei lûde stim oan te moedigjen, as er oankomt: "Maarten kan het juichen wel horen, dus dat wordt genieten voor hem."

1963

De organisaasje fan de Swimalvestêdetocht hat keazen foar de Grutte Wielen as finishplak, omdat de meast histoaryske reedrydalvestêdetocht dêr ek einige: dy fan 1963 doe't Reinier Paping it wûn.
Maarten is foar de twadde kear by Burdaard © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust