SC Cambuur krijt twa proefspilers

SC Cambuur krijt yn de tarieding op it nije seizoen twa spilers op proef. It giet om Nick Gillekens, in 23-jierrige Belgyske keeper, en om ferdigener Erik Schouten. Dy spile de ofrûne jierren by FC Volendam.
© Orange Pictures
Gillekens spile de lêste jierren foar Oud-Heverlee Leuven. Dat is deselde klup dêr't Sam Hendriks, de spits dy't Cambuur it ofrûne healjier hierd hat, spilet. Fan nije wike ôf slút Gillekens oan by de seleksje fan coach Henk de Jong.
Dat jildt net foar Schouten. Dy traint woansdei al mei, as Cambuur úteinset mei de tarieding op it nije seizoen. Schouten is in 27-jierrige ferdigener dy't troch blessueres net in soad spile hat.