Ljouwerter kulturele festival UIT krijt ferfolch yn UITinHUIS

24 jun 2019 - 14:31

It UITFestival yn Ljouwert wurdt UITinHUIS. UIT waard de lêste jierren yn de Prinsetún hâlden, mar krige net genôch finansjele stipe fan de gemeente en moast ophâlde. DOLCI (Directeuren Overleg Leeuwarden Culturele Instelling) fynt dat spitich. Se wolle it offisjele begjin fan it nije kulturele seizoen hâlde en ha dêrom keazen foar in lyts alternatyf: UITinHUIS.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It festival luts in ferskaat publyk tusken de 25.000 en 30.000 besikers en wie ek de grutste kulturele ko-produksje fan Ljouwert. It ferlytse programma wurdt organiseare troch kulturele ynstellingen, ateliers en galeryen dy't harren "huis" in middei iepen stelle.

Sa is bygelyks it Fries Museum fergees te besykjen. Ek organisearret elk iepen hûs in programma. Sa kinne je yn De Harmonie ynsjoch krije yn harren programma en koarte optredens besjen fan it kommende seizoen.

UITinHuis is op 8 septimber fan 13:00 oant en mei 17:00 oere.

Ferskate kulturele hûzen dy't de doarren iepen hawwe, binne:

- De Harmonie

- Fries Museum

- Meeuw

- Tryater

- Neushoorn

- Keunstwurk

- Agenda2028

- Kunstkade

- Natuurmuseum

- Blokhúspoarte

- Aldehou

- Obe

- Berneplein op it Wilhelminaplein

Trefwurden: 
Ljouwert kultuer Uitfestival
(Advertinsje)
(Advertinsje)