Motorrider komt om by botsing op de N392 by De Gordyk

24 jun 2019 - 13:26

By in botsing tusken in auto en in motor is moandei om it middeisoere hinne in motorrider om it libben kommen. Se kamen mei elkoar yn botsing op de N392 by De Gordyk. Twa ambulânses en meardere plysjeweinen kamen te plak.

Foto: SR Fotografie

De dyk is ôfsletten. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak.

Der waard ek in traumahelikopter oproppen, mar dy is krekt boppe it ynsidint wer ôfsein.

Trefwurden: 
ûngelok De Gordyk Nijewei
(Advertinsje)
(Advertinsje)