Merk Fryslân: "Maarten is ûnbetelbere Fryslânpromoasje"

De toeristyske sektor yn Fryslân sil wis profitearje fan de Swimalvestêdetocht fan Maarten van der Weijden. De media-oandacht dy't it evenemint opsmyt is ûnbetelber, dêr kin gjin marketingkampanje tsjinop neffens direkteur Martin Cnossen fan marketingorganisaasje Merk Fryslân.
Fryslânpromoasje
"Fansels giet it om de prestaasje fan Maarten en it goede doel dêr't er foar swimt", fertelt Martin Cnossen. "Dat stiet foarop, mar it byeffekt is wol dat Fryslân hiel goed op de kaart set wurdt. De moaie plaatsjes op allerhande media, de wize wêrop't de Friezen Maarten begeliede, it is ûnbetelber." Neffens him kin it bêst sa wêze dat sjoggers no tinke dat se sels ek ris yn Fryslân sjen wolle.
As Merk Fryslân in marketingkampanje opsette wollen hie mei sa'n soad media-oandacht, hie dat mear as tsien miljoen euro koste "en ús budzjet is mar oardel miljoen, dus dat kinne wy as Merk Fryslân nea foar mekoar bokse."

Alvestêdetocht as marketingmerk

De alvestêdetocht en de stêden sels soene noch folle better ynset wurde kinne as marketingynstrumint, sa tinkt Cnossen. "It helpt al dat der yn alle stêden in fontein stiet, mar we kinne noch folle mear mei de alvestêdetocht dwaan en dêr binne we ek al mei oan de gong".
De direkteur fan Merk Fryslân hie al fier foar de earste poging fan Maarten van der Weijden kontakt mei de swimmer oer de tocht. Dat wie al yn 2016. It gie doe oer, omdat van der Weijden oare drokte hie: hy waard heit. Dat persoanlike kontakt kin noch wol fan pas komme laket Cnossen. "Ik sil him efkes appe: Maarten bedankt!"
Martin Cnossen fan Merk Fryslân