Troperoaster op Snitser Simon Havingaskoalle: bern binne oere earder frij

Troperoaster op Snitser Simon Havingaskoalle: bern binne oere earder frij
Echt serieus oan de gong mei rekkenjen of taal falt net ta as it 30 graden waarm is - of miskien sels noch mear - en dêrom stjoert de Simon Havingaskoalle yn Snits alle learlingen moandei in oere earder nei hûs.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De skoalle hat fanwege it waarme waar it saneamde troperoaster ynfierd. Dat betsjut in healoere earder begjinne en in oare earder frij. De learlingeried, besteande út fjouwer learlingen fan 11 en 12 jier, fan dizze skoalle stiet hielendal achter dat beslút. "Het is fijn, maar ik moest wel vroeg op." In oar is der ek wiis mei. "We gaan een halfuur minder naar school." Troch de waarmte kinne de learlingen har minder goed konsintrearje. "Het is snel benauwd."
Direkteur Ludwin Hiemstra hat fan it wykein it beslút nommen om de tiden oan te passen nei in roaster fan 8.00 oant 13.00 oere. "Dan kinne se earder nei hûs, it wetter opsykje of boartsje." Hy wie sels al om 7.00 oere op skoalle. "Doe ha ik alle ruten en doarren iepenset."
It troperoaster wurdt net faak ynset. "It like my no wol nedich. Mar earst moat de MR tastimming jaan en we moasten fansels alle âlden berjochtsje dat de tiden oars binne. Dat gie flot en we krigen in soad positive berjochten."
Ek tiisdei en woansdei hâlde se noch dit roaster.
Ferslachjouwer Onno Falkena wie yn Snits