Feehâlders nimme maatregels tsjin 'hjittestress' by bisten

24 jun 2019 - 12:02

Feehâlders nimme tal fan maatregels om foar te kommen dat har fee lêst fan de hjitte krijt. As de bûtentemperatuer boppe de 20 graden komt en de luchtfochtichheid heech is, nimt it risiko op stress by bygelyks kij ta.

Ko yn de greide - Foto: Shutterstock.com

Bisten kinne troch de waarmte lêst fan har sûnens krije. Dan ite se minder, drinke se mear en geane se minder lizzen.

Kij bliuwe binnendoar en geane jûns of nachts nei bûten. Gewoanwei is dat oarsom. De boeren soargje foar genôch en farsk drinkwetter en passe it menu oan. Ek sette se fentilatoaren en 'vernevelaars' yn de stâl.

De Nederlandse Voedsel en Warenautoriteit hat in lanlik plan foar feetransport by ekstreme temperatueren, mei dêryn ûnder oare ekstra kontrôles by de transporten.

Trefwurden: 
LTO hjitte fee
(Advertinsje)
(Advertinsje)